Springe nei ynhâld

Biskop

Ut Wikipedy
It Biskopshof, de midsiuwske residinsje fan de biskoppen fan Utert, yn 1640

In biskop (Gryksk: επισκοπος episkopos, letterlik "opsichter") is in geastlike mei folsleine prysterwijingsmacht yn de hiërarchy fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, Anglikaanske Tsjerke of de Luterske Tsjerke dy't ornaris oan it haad stiet fan in bisdom. In tal bisdommen tegearre foarmje in tsjerkeprovinsje, dêr't in aartsbiskop oan it haad stiet. Willibrord is yn 695 troch de paus oansteld en wijd as biskop oer de Friezen. Hy hat lykwols kwealik yn Westerlauwersk Fryslân west (sjoch Fositelân) en syn opfolgers likemin. De biskop hie meast tuskenpersoanen: tafallige, (bygelyks Odulf en letter fêste, benammen aartsdiakens.
Taken biskop:

  • dekens en provisors oanwize yn skrikkeljierren;
  • ynstitúsje hâlde fan pastoars yn memmetsjerken
  • kandidaten foar it prysterskip nei Utert komme litte

Hy skonk de measte biskoplike tsjerken oan kleasters. De biskop krijt wrâldske bestjoersmacht as greve yn Drinte en Stellingwerf (1046); troch de hâlding fan Egbert II yn Starum (1077); Eastergoa en Westergoa (1138, tydlik al 1086 en 1088). De biskop fan Münster hie net folle ynfloed; Fryslân bringt ek net folle op.

De reizen fan Bonifatius nei Fryslân ta wienen yn 753 en 754 , Frederik wurket yn Fryslân om 830 hinne. Koenraad fan Swaben wijt de abdijtsjerke fan Foswert. Doe't de oanspraken fan Hollân ta in kondominium laten en biskop Boudewyn fan Hollân syn rjochten jilde litte woe is hy twa kear ferslein. Dietrich von der Ahr wie yn Starum yn 1203 en krige wat gesach nei in konflikt mei Willem I. Dochs holpen de Friezen 1230-1233 de opstannige Drinten. Biskop Friedrich van Blankenheim trede dêrby krêftich op.
Cunerus Petri, ienige biskop fan Ljouwert, wurket yntinsiver, mar te koart 1570-1577. Nei 1580 is der gjin drager fan biskoplik gesach. De paus machtiget yn 1602 in apostoalysk fikaris foar hiel Nederlân: besiken yn 1618, 1692 en 1696. Oant 1703 trede in lid fan it Haarlims kapittel as fikaris-generaal op, mei help fan in aartspryster fan Ljouwert. Bestjoersmacht en wijingsmacht komme yn 1727 oan de nuntsius yn Brussel, letter yn De Haach. Alle nuntsiussen wienen Italjanen, dus lei it gesach praktysk by de aartsprysters; Nunsius Busca brocht yn 1778 en nunsius Brancadoro yn 1794 in besite. Under it keninkryk bereizget baron Van Wijckersloot Fryslân as wijbiskop yn 1836, 1837, 1842 en 1847. Nei 1853 komt Fryslân ûnder de aartsbiskop fan Utert, dy't in soad oan de wijbiskoppen en de dekens oerlitte moat. Mei de biskop fan Grins (1955) hat Fryslân mear kontakt. Biskoppen út Fryslân binne Frederik en Redbad, aartsbiskoppen Johannes H.G. Jansen fan Ljouwert en Jan de Jong fan It Amelân.